Aris wint wer fan Nijmegen

Foar de fjirde kear dit seizoen hat De Friesland Aris de wedstriid tsjin Matrixx Magixx Nijmegen wûn. Yn sporthal it Kealledykje barde it dizze kear mei dúdlike sifers: 86-73. Darryl Monroe en Craig Moore, beide 23 punten, wiene de tûke Ljouwerters.
Aris krijt no wer sicht op it fjirde plak yn de kompetysje. De ploech stiet mei 32 punten út 31 wedstriden op it sechsde plak. Nijmegen hat 36 út 31 en Leiden 36 út 30. Aris spilet noch fiif kear foardat de play-offs begjinne.