Wer winst Harkemase Boys
Harkemase Boys bliuwt in topper yn de sneonshaadklasse. Tiisdei wûn de ploech fan trainer Henk de Jong mei 4-0 fan Nunspeet. It begjin fan de Boys wie goed en fol fjoer. Dennis Loer makke yn de 7e minút de 1-0. Dêrnei wie Nunspeet net de mindere, mar René van der Wey makke wol de 2-0.
Nei de 3-0 yn de 55ste minút, moaie aksje en skot fan Oebele Schokker, wie it ferset fan Nunspeet brutsen. Alwin Kooistra soarge foar de 4-0 einstân. De Boys stean mei 33 út 16 twadde.
Trefwurden:
argyf