Soad belangstelling byienkomst

Sa'n 150 belangstellenden ha tiisdei yn Ljouwert op in byienkomst west fan de Gymnastykvereniging Leeuwarden.
De feriening hie de byienkomst organisearre foar âlders fan leden, leden en oaren dy't belutsen wiene by it ûngelok snein yn sporthal Kealledykje. In ljochtmêst foel nei ûnderen en rekke in liedster fan 24 en in famke fan 4. Op de byienkomst wie in fertsjintwurdiger fan de gemeente Ljouwert oanwêzich en minsken fan slachtofferhelp.