Skarsterlân: FNP en CDA

16 mrt 2010 - 22:51

It kolleezje fan de gemeente Skarsterlân sil de kommende tiid bestean út de FNP en it CDA. Dat is de útkomst fan de petearen dy't ynformateur Johannes Kramer de ôfrûne dagen hân hat mei alle partijen.

De FNP is nij yn it kolleezje. De partij wie de grutte winner fan de ferkiezings. De ôfrûne jieren bestie it kolleezje yn Skarsterlân út it CDA en de PvdA. De wethâlders binne ek bekend; Benedictus en Durksz (FNP) en De Winter en Schouwerwou (CDA).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)