GBH en VVD yn kolleezje H'fean

16 mrt 2010 - 21:27

De opposysjepartijen Gemeentebelangen Heerenveen en de VVD komme mei de PvdA yn it kolleezje fan de gemeente Hearrenfean. Dat is de útkomst fan de petearen dy't ynformateur Roel de Jong mei alle partijen hân hat.

De ôfrûne fjouwer jier hat de PvdA it kolleezje foarme mei it CDA en Grien Links. Gemeentebelangen Heerenveen wie de grutte winner fan de lêste ferkiezings. De partij ferdûbele fan twa nei fjouwer sitten yn de ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)