Noch gjin beslút oer Frysk

16 mrt 2010 - 20:43

It Fryske belied yn de nije Súdwesthoekegemeente komt op in ûndemokratyske wize ta stân, fynt gemeentebelangen Súdwest Fryslân. Neffens de fraksje nimme de 5 fúzje-boargemasters yn de stjoergroep te rap in beslút oer de wize wêrop it Frysk brûkt wurde moat.

Dat der Frysk praat wurdt en de Fryske kultuer foarop stiet is prima, mar in beslút oer de ynfiering fan Fryske plaknammen moat troch de gemeenteried naam wurde en net no al.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)