'Nij' kolleezje Boarnsterhim

Boarnsterhim hat in 'nij' kolleezje
Boarnsterhim hat in nij kolleezje en dat is itselde as it kolleezje dat der foar de ferkiezings siet. De trije wethâlders dy't der it ôfrûne jier sieten, meie bliuwe oant de gemeente oer in jier as trije opheft wurdt.
Der leit noch flink wat wurk, der moat in slutende begrutting komme foardat de gemeente opheft wurdt èn dan is der de weryndieling. Gemeentebelangen 2000 kaam as grutste partij út de ferkiezings, mar fynt ek dat dit kolleezje it wurk ôfmeitsje moat.