Bultrêch werom nei Flylân

16 mrt 2010 - 16:05

De kâns dat de bultrêch dy't 6 jier lyn oanspielde op Flylân weromkomt op it eilân liket hieltyd grutter te wurden. De provinsje hat hjir tiisdei 2500 euro tasein út de pot foar plattelânsprojekten.

Oer de 8 meter lange bultrêch ûntstie destiids in soad argewaasje. Ynformaasjesintrum De Noardwester woe him graach hawwe, mar de boargemaster joech him fuort oan Ecomare op Texel. Mar de bultrêch liket no toch tydlik werom te kommen nei Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)