Ludyk jierferslach SBB

Fjirtich sifers ferspraat oer hiel Nederlân fertelle it ferhaal fan Steatsboskbehear yn 2009. De sifers steane op buordsjes dy't yn ferskate natuergebieten yn Nederlân delset wurde. De sifers ferwize nei passaazjes út it jierferslach.
Yn Fryslân steane buordsjes yn it Lauwersmargebiet, yn it Drents-Friese Wold yn de Rottige Meente. It is de bedoeling dat it jierferslach op dizze wize makliker tagonklik is. De nije opset is ek nochris folle goedkeaper.