CDA-listlûker Bron út fraksje

CDA'er Bron - sittend mei de bril - tusken de oare CDA-kandidaten
Sippe Bron út Munnikebuorren is opstapt as fraksjefoarsitter fan it CDA yn Weststellingwerf. Hy sil fierder gean as ienmansfraksje. As reden neamt Bron dat hy him net fine kin yn de ynset fan it CDA by de ûnderhannelings oer de nije koalysje yn Weststellingwerf.
Bron wie krekt begûn oan syn fjirde perioade as riedslid, wêrfan de lêste fjouwer jier as fraksjefoarsitter. Listlûker Sippe Bron waard op 3 maart mei 910 stimmen op 'e nij keazen.