Primeur mei MBO-rebound

It AOC docht ek mei oan de MBO-rebound
Ljouwert hat de primeur yn Noard Nederlân mei de MBO Rebound yn Ljouwert, dy't moandei offisjeel iepene is troch wethâlder Krol. It is in inisjatyf fan it Friesland College, de Friese Poort en de AOC mei as doel om studinten dy't driigje ôf te heakjen ekstra te begelieden.
Der komme hieltyd mear fan dit soarte fan inisjativen omdat der jierliks mear as 70.000 studinten sûnder diploma fan skoalle geane. Yn Noard Nederlân wiene dat ferline jier 740.