Ungelok tusken fyts en skooter

16 mrt 2010 - 09:49

Op de Gaestmabuorren yn Burgum is moandeitemiddei in frou út Suwald ferwûne rekke by in oanriding. De frou fytste dêr en waard ynhelle troch in skooter. Dat gong mis, omdat de fyts en de skooter elkoar rekken.

De frou rekke ferwûne oan de holle en it skouder. Se is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)