Keukenbrân yn Warkum

16 mrt 2010 - 09:43
De brânwacht koe it hús behâlde, de keuken gie ferlern

Oan de Burd yn Warkum hat yn de nacht fan moandei op tiisdei brân west yn in wenning. De bewenners wiene yn sliep fallen, wylst de frituerpanne noch oan stie.

De brânwacht waard oproppen, mar dy koe net foarkomme dat de keuken útbrânde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)