Pas op foar oplichters

De plysje warskôget foar oplichters
De plysje warskôget foar in nije oplichtingsmetoade. Derby bellet in frou op en seit dat se fan de ING-bank is. Om it echt lykje te litten, neamt de frou wat gegevens op. Dêrnei wurdt sein dat it slachtoffer foar de feiligens in nij mobyl tillefoannûmer krijt dêr't ek in nije koade foar ynternetbankieren by heard.
Sadree't minsken dy koade fia sms trochjouwe, wurde de rekkens leechhelle. Dit is in frou fan 76 jier út It Hearrenfean ek oerkaam.