'FRL moat oan de glêsfezel'

15 mrt 2010 - 21:45

Ek it plattelân moat yn de takomst oansletten wurde op in Fryske glêsfezelnetwurk. De grutte ynfrakstrukturele projekten dy't de kommende jierren losgeane soene dêrby helpe kinne.

Dat fynt it CDA yn provinsjale steaten. De partij tinkt dat as bygelyks de Sintrale As oanlein wurdt, it ek mooglik is om alfêst buizen yn de grûn te lizzen foar in glêsfezelnetwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)