MBO's moatte oan it wurk

De MBO's moatte folle mear har bêst dwaan om útfal fan studinten foar te kommen. De Fryske MBO's dogge it wat better as de oare yn it lân, mar der binne hjir ferline jier dik sân hûndert learlingen mei harren oplieding ophâlden.
Ut ûndersyk docht bliken dat it grutste part, mear as 30 %, ophâldt omdat se op de ferkearde oplieding sitte. De motivaasje om te learen ferdwynt by dizze bern wêrnei't se begjinne te spijbeljen.