Kâns op WK foar Kramer grut

15 mrt 2010 - 19:53

De kâns is grut dat Sven Kramer dit wykein dochs meidocht oan it WK reedriden op Thialf. De lêste tiid hie hy bot lêst fan syn longen. Dêrom moast hy de finale fan de wrâldbeker it ôfrûne wykein sjitte litte.

Kramer teste himsels moandeitejûn troch in 500 meter te riden. Neffens trainer Geert Kuiper gong dit mei in tiid fan 36.42 goed. Kramer kin him dit wykein yn de skiednisboeken sette troch foar de fjirde kear op rige wrâldkampioen te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)