Jeugdsoarch ferhuze

Bureau Jeugdzorg Friesland is út syn jaske groeit. Dêrom binne se ferhuze nei it âlde gebou fan it Kadaster oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert. Jierren lyn wurken der 100 minsken op it âlde kantoar fan de Jeugdsoarch. No binne dat al 200.
Der is hjoed-de-dei folle mear omtinken foar problemen ûnder de jeugd en dêrom is mear personiel nedich. Sa binne der twa kear sa folle meldings fan bernemishanneling as fiif jier lyn.