Undersyk Frjentsjer rint noch

15 mrt 2010 - 14:31

De plysje giet ek tiisdei noch fierder mei it buert- en relaasje-ûndersyk nei de dea fan de 69-jierrige Pytsje Bouma. Har lichem waard snein yn in wenning fan serviceflat Froonacker yn Frjentsjer fûn. Har stoflik omskot is nei it Nederlands Forensisch Instituut oerbrocht, dêr't tiisdei seksje ferrjochte wurde sil. De útslach fan de seksje wurdt woansdei ferwachte.

In team fan 30 resjersjeurs wurket oan de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)