Famke fan gym-ûngelok knapt op

15 mrt 2010 - 14:00

It famke fan fjouwer dat snein by in ûngemak yn it Kealledykje yn Ljouwert slim ferwûne rekke, is oan de betterjende hân. Se is moandei sa bot opknapt dat se no op de gewoane berne-ôfdieling fan it sikehûs yn Grins leit.

It famke rekke ferwûne doe't by in útfiering fan de Gymnastiekferiening Ljouwert in swiere stellaazje mei ljochten boppe op har en op in 24-jierrige liedster foel. Hoe't it no mei de liedster is, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)