Enkête It Bilt ûnder ynwenners

15 mrt 2010 - 10:29

Sa'n 3000 hûshâldens op It Bilt krije dizze wike in enkête oer leefberens yn de bus. Dêryn wurdt frege wat minsken fine fan de sportfoarsjennings, it grien, de winkels en de boarterstunen yn de buert.

De gemeente en de wenningboukorporaasje wolle witte oft se wat dwaan kinne om de foarsjennings te ferbetterjen. Beide ynstânsjes hawwe dêr al in heal miljoen euro foar útlutsen. Yn juny moatte de resultaten fan it ûndersyk bekend wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)