Airbags stellen; te hurd riden

Ut trije auto's binne sneintenacht airbags stellen. Yn Akkrum waarden twa parkearde auto's op de Seame en de Stripe iepenbrutsen. Ek op It Hearrenfean waard in auto iepenbrutsen dy't parkeard stie oan it Zetveld.
In 50-jierrige Ljouwerter is snein syn rydbewiis kwytrekke op de Rykstrjitwei by Haskerdiken. Hy ried 50 kilometer yn de oere te hurd: 131 dêr 't 80 kilometer tastien is. De plysje stie te kontrolearjen mei in lasergun en koe de man fierderop oanhâlde.