Auto rydt troch nei ûngelok

15 mrt 2010 - 09:57

De plysje is op syk nei in automobilist dy't snein in âldere frou yn Ljouwert oanriden hat en dêrnei trochriden is. De 78-jierrige frou fytste op de Stasjonswei yn Ljouwert doe't se oanriden waard. Se rekke ferwûne oan de holle en moast nei it sikehûs.

Omstanners hawwe har oer de frou ûntferme, mar de feroarsaker fan it ûngelok is trochriden. De plysje wol graach prate mei tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)