Winst basketballers Aris

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe sneontejûn hiel maklik fan Landstede Zwolle wûn. It waard yn Zwolle 77-69. Neffens manager Gert Schurer hat Aris net in momint fan de wedstriid yn gefaar west. Allinnich yn it fjirde kwart kamen de Zwollenaren wat tichterby. Darryl Monroe wie de bêste skutter by de Ljouwerters mei 21 punten. Aris bliuwt sechsde yn de stân.
De Friesland Aris spilet dizze wike thús tsjin Nijmegen en út tsjin Weert.