Hearrenfean pakt trije punten

Roy Beerens
Yn in net al te bêste wedstriid hat SC Hearrenfean yn Arnhem mei 1-0 wûn fan Vitesse. De beide ploegen bakten der benammen yn de earste helte net folle fan. Yn de twadde helte waard it better. It wie Roy Beerens dy't yn de 83ste minút mei in wrâlddoelpunt Hearrenfean op 1-0 sette. Dêrfoar hie Vitesse de latte noch rekke.
Troch dit resultaat stean de Feansters no op it alfde plak mei 29 punten út 27 wedstriden.