WK Sven Kramer noch ûnwis

14 mrt 2010 - 15:52

Sven Kramer hat noch in protte problemen mei syn longen. It is dan ek noch net wis oft er it kommend wykein meidwaan kin oan de wrâldkampioenskippen reedriden op Thialf. Dat sei Geert Kuiper assistint-trainer by de TVM-ploech snein op Omrop Fryslân radio.

Sven Kramer sil moandei in 500 meter ride om te sjen hoe't dat giet. Neffens Kuiper sit Kramer op 60% fan syn mooglikheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)