Margot Boer 4e op 1000 meter

Margot Boer twadde yn einklassemint 1000 meter
Reedrydster Margot Boer fan Grou is by de wrâldbekerfinale op Thialf fjirde wurden op de 1000 meter. Sy die dat yn in tiid fan 1.16.76. De 1000 meter waard wûn troch de Russyske Jekaterina Sjichova yn 1.16.25. Annette Gerritsen pakte it sulver yn 1.16.35. It brûns wie foar Natasja Bruintjes yn 1.16.60.
Olympysk kampioen Christine Nesbitt út Kanada einige as sânde en waard winner fan it einklassemint. Margot Boer einige op it twadde plak.