Jonge oanriden yn Himmelum
In 11-jierrige jonge út Himmelum is sneon ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. In 59-jierrige automobilist út Starum ried yn de rjochting fan Balk doe't de jonge samar ynienen de dyk oerstuts. Hy koe in oanriding net mear foarkomme.
De jonge waard mei ferwûnings oan de skonk mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.