Man bedriget portiers

14 mrt 2010 - 14:26

De plysje hat sneontenacht yn Snits in 28-jierrige Snitser oanholden omdat er portiers fan in hoarekagelegenheid bedrige. De man gedroech him ferfelend yn dy saak en waard dêrom frege fuort te gean.

Doe't der plysjes bykamen en him fersochten fuort te gean, bedrige er de oanwêzige portiers. De Snitser is doe oanholden en oerbrocht nei it buro. Hy is foar ferhoar ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)