Auto tsjin beam en oer de kop

14 mrt 2010 - 13:59

In 28-jierrige automobliste út Kollum is sneon op de Lauwersmarwei by Bûtenpost ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De bestjoerster fleach troch noch ûnbekende oarsaak út de bocht. Dêrnei rekke har auto in beam en sloech oer de kop.

De frou waard mei in ambulânse mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)