Oerlêst jeugdhonk ferwachte

It ôfdak moat ôfbrutsen
It bestjoer fan buerthûs de Wissel yn Hurdegaryp ferwachtet wer in soad oerlêst fan jongeren as dy har ûnderkommen oan de noardkant fan it gebou kwyt reitsje. It ôfdak dêr is der krekt kaam om in ein te meitsjen oan de oerlêst fan omhingjende jongeren by de yngong fan it gebou dy't no dus in eigen plakje hawwe.
De sels timmere konstruksje is lykwols sûnder boufergunning set, want dy krigen se net. No moat it fan de gemeente Tytsjerksteradiel dochs fuort.