LDODK kampioen haadklasse

14 mrt 2010 - 12:42

LDODK is kampioen fan de haadklasse A. De sealkuorballers fan Terwispel en De Gordyk wûnen yn in grôtfolle sporthal Koartsweagen mei 22-19 fan Die Haghe. SCO fan Aldeholtpea ferlear yn Wageningen mei 23-19 fan VADA.

Troch dit resultaat spilet LDODK yn de krúsfinale tsjin DVO fan Bennekom, de nûmer twa fan de haadklasse B. It paad is noch lang, mar LDODK hat sicht op it alderheechste: de kuorballeague. SCO hie by winst of in lyk spul de twadde Fryske krúsfinalist west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)