Manlju ferniele rút taksybuske

14 mrt 2010 - 11:54

De plysje hat yn de nacht fan sneon op sein op de Geawei yn Stynsgea seis manlju út Surhuzum en De Harkema oanhâlden. De seis hiene in rút fan in taksybuske fernield.

It taksybedriuw hie de manlju foarsteld dat se de skea betelje soene, mar dêr woene se neat fan witte. Doe is de plysje ynskeakele en dy hat de manlju, fan tusken de 18 en de 26 jier, meinaam nei it buro. Dêr binne se fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)