Nije maneezje Beetstersweach

14 mrt 2010 - 11:29

Ein dizze moanne wurdt yn Beetstersweach de earste peal slein fan in nije maneezje. Dy komt op it terrein fan Revalidatie Friesland en ferfangt de besteande maneezje dêr. Dy is nei hast 40 jier oan ferfanging ta.

De maneezje wurdt brûkt om bern mei in handikap hynsteride te litten. De maneezje wurdt beheard troch in stifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)