Jierferslach yn de natuer

Yn it Lauwersmargebiet komt in boerd dat ferwiist nei it 40-jierrich bestean
Staatsbosbeheer set syn jierferslach op buorden yn in tal natuergebieten dat de organisaasje beheart. Op de buorden steane sifers. As minsken witte wolle wat it sifer betsjut, kinne se dêr mei in fergees sms-berjocht antwurd op krije.
Yn De Rottige Meente komt bygelyks in boerd te stean mei it sifer 2200. Dat ferwiist nei de 2200 minsken dy't alle jierren nei in opera midden yn dat natuergebiet geane. De gegevens steane ek op ynternet.