Noardwâldster betrape mei GHB

13 mrt 2010 - 14:09

In ynwenner fan Noardwâlde is betrape op it besit fan GHB. De 25-jierrige man hie yn syn wente oardel liter fan de drug stean, ferpakt yn ferskate fleskes. Dy wiene bedoeld foar eigen gebrûk, mar neffens de plysje hannele de man der mooglik ek yn.

De man makke de drug sels. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke. De plysje kaam de Noardwâldster op it spoar nei in tip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)