Keunst yn croissanterie

13 mrt 2010 - 11:56

Yn croissanterie Vittorio yn Ljouwert kinne je keunst fan sa'n 40 keunstners besjen en keapje. De keunstners giene de útdaging oan om yn seis wike tiid fan in blanko doek in keunstwurk te meitsjen. It wite doek krigen sy fan de oprjochters fan TakeAwayArt, de gallery fan ûnder oare keunster Joris Collier dy't sûnt koart yn de Ljouwerter croisanterie in plakje hat.

Alle moannen is der in nije eksposysje yn dizze gallery. Oan de earste eksposysje koe elkenien meidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)