Lêste winkel Skerpenseel ticht

13 mrt 2010 - 11:50

De iennichste supermerk fan Skerpenseel is sneon foar it lêst iepen. It echtpear dat de winkel útbaat hat besletten de saak ticht te dwaan omdat de omset ôffalt. De famylje naam de saak 4,5 jier lyn oer, mar koe it net bolwurkje.

Minsken dogge net al har boadskippen by de buertwinkel, mar geane faker nei gruttere supermerken bûten it doarp. De ûndernimmersferiening neamt it in ramp foar de mienskip dat de winkel tichtgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)