Karnavalstreffen yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
In karnavalsferiening út Blerick by Venlo is snein nei Frjentsjer reizge om in foto te meitsjen fan it strjitnambuordsje Duukelaar. De karnavalsferiening hjit sels Dn Duikelaer en komt mei de foto-aksje yn it ramt fan de halfvastenfiering, de fjirde snein fan de fasteperioade.
De Limburgers treffe yn Frjentsjer de Snitser karnavalsferiening de Oeletoeters. Mei-inoar ha se in koarte seremoanje yn Frjentsjer en oanslutend is der in halfvastenfeest yn Snits.