Jounswille wint kultuerpriis

Boargemaster Van der Zwan mei de winners (foto: B.L. Katsma)
Toanielferiening Jounswille út Stiensgea hat de kultuerpriis Achtkarspelen 2009 wûn. De priis wurdt ien kear yn de twa jier takend en is bedoeld om de kultuer yn Achtkarspelen te stimulearjen. Achtkarspelen hat ek in oanmoedigingspriis foar jong talint. Dy gie nei sjongeres Elise de Jong út Twizel.
De prizen waarden freed útrikt. Foar beide winners wie der in byld fan keunstner Anke Kuypers en in jildbedrach.