Snits gjin lânskampioen

01 apr 2012 - 18:49

De follybalfroulju fan Snits hawwe de striid om it lânskampioenskip ferlern. De Snitser froulju ferlearen snein de fjirde wedstriid tsjin Sliedrecht Sport mei 3-1. Yn de 'best of five' searje hat Sliedrecht no trije wedstriden wûn en is dêrmei lânskampioen follybal.

Yn in sfearfolle Snitser sporthal gie de earste set nei Sliedrecht mei 25-20. De twadde set wie foar Snits: 25-22. De tredde set wie wer foar Sliedrecht mei 25-17. Yn de fjirde set hie Snits de kâns op winst. In 23-20 foarsprong waard ferspile. Sliedrecht wûn de set mei 26-24.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)