Regels foar monumintsjes Snits

12 mrt 2010 - 18:48

De gemeente Snits stelt strangere regels foar it pleatsen fan monumintsjes op plakken dêr't minsken omkommen binne. De lanlike regel is dat de ferkearsfeiligens net yn gefaar komme mei en dat it bermûnderhâld der gjin hinder fan hat. Snits hat dêr no noch in tal regels oan taheakke.

Sa moatte monumintsjes foldwaan oan maksimumôfmjittings, meie se net fan glinsterjend materiaal wêze en meie se net langer as twa jier stean bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)