Jonge ynbrekkers Harns oppakt

De plysje yn Harns hat trije ynwenners fan 15, 16 en 17 jier út dat plak oanholden op fertinking fan tal fan ynbraken. Troch de oandacht yn de media en fia Meld Misdaad Anoniem koe de plysje de fertochten oanhâlde.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat der yn Harns trije oant fjouwer kear per wike ynbrutsen waard. De 17-jierrige Harnzer sit noch fêst. De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings folgje.