Spilers by Cambuur wei

Marc Mboua: by Cambuur wei
SC Cambuur nimt nei dit seizoen ôfskie fan ferdediger Chris de Wagt en oanfaller Marc Mboua. Harren kontrakt rint ôf en se binne no ferhierd oan FC Oss en Fortuna Sittard. Mei oanfaller Rence van der Wal en keeper Ale Geert de Vries giet Cambuur ek net fierder.
Mei spits Mark de Vries en de ferdedigers Randy Rustenburg en Dennis van der Ree, dy't faak spylje en alle trije ek in ôfrinnend kontrakt hawwe, wurdt ynkoarten in petear hâlden.