Wouter Bos stapt op

12 mrt 2010 - 11:36

Fryske politisy hiene it opstappen fan Wouter Bos as partijlieder fan 'e PvdA net ferwachte. Bos makke freed bekend dat er út 'e lanlike polityk giet om mear tiid te besteegjen oan frou en bern. Inkeld Jacques Tichelaar hie in fermoeden dat Bos wolris fuortgean koe. Tichelaar wie yn 2007 Bos syn rjochterhân by de ûnderhannelings foar it nije kabinet yn Beetstersweach.

Wouter Bos wurdt as PvdA-partijlieder opfolge troch Job Cohen, dy't boargemaster fan Amsterdam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)