Bou senioarewenten fertrage

Seis nije senioarewenten oan de Rûnwei yn Warten binne letter klear as it doel wie. Om dizze tiid hinne soe de bou begjinne, mar dat wurdt net earder as ein dit jier.
Wenningkoöperaasje Elkien moat opnij in fergunning oanfreegje foar de bou en dat soarget foar fertraging. De nije fergunning is nedich om't de gemeente Boarnsterhim it bestimmingsplan foar Warten feroare hat. De bou fan trije gesinswenten yn Warten begjint wol op 'e tiid.