Friezen by ûndersyk brannen

De Fryske plysje leveret resersjeurs foar it ûndersyk nei de brannen earder dizze wike yn it Grinslanner Veendam. Dêr kaam moandeitemoarn betiid in brânwachtman om it libben by in brân yn in winkel. Yn itselde doarp wie ek brân yn in diskoteek.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat beide brannen oanstutsen wiene. Neist Fryske resersjeurs wurkje Drintske resersjeurs mei de Grinslanner plysje oan it ûndersyk.