Flaters by tellen Skylge

11 mrt 2010 - 23:29

It op 'e nij tellen fan de stimmen op Skylge hat gjin grutte ferskowings oan it ljocht brocht. Ien stim waard ûnjildich ferklearre. Ek waard in flater ûntdutsen op in proses-ferbaal. Dat wie ferkeard ynfold mei as gefolch dat Douwe Wiegman fan Plaatselik Belang Terschelling gjin foarkarstimmen krigen hie.

Mei-inoar ha tweintich minsken op him stimd, dat wiene der neffens de earste telling seis. Wiegman hie oantrune op it op 'e nij tellen fan 'e stimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)