Aris ferliest yn Grins

De Friesland Aris koe tongersdei de winst net meinimme út Grins. Thúsploech GasTerra Flames wûn mei 78-71. Yn de earste twa kwarten namen de Ljouwerter basketballers in foarsprong. Healwei stie it 41-34 foar Aris. Yn it tredde kwart sette de koprinner yn de earedivyzje de saken rjocht: 22-14. Ek it lêste kwart wie mei 22-16 foar de Grinzers.
Grins bliuwt koprinner mei 52 út 29, Aris stiet op it sechsde plak mei 28 punten út 29 wedstriden.