Ferlies Hearrenfeanfroulju

It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfan hat de útwedstriid tsjin ADO Den Haach mei 1-0 ferlern. It wie it sânde ferlies yn tolve wedstriden. Krekt foar it skoft makke Renate Jansen it iennichste doelpunt fan de wedstriid.
Si-Shut Hau fan de Feansters krige krekt foar de ein har twadde giele kaart en koe sadwaande earder ûnder de dûs. De froulju fan Hearrenfean bliuwe stiif ûnderoan mei njoggen punten út tolve wedstriden.